Ried Eaststellingwerf wol tiny houses yn bûtengebiet tastean

11 jan 2021 - 23:01

De ried fan Eaststellingwerf wol dat der ek yn it bûtengebiet fan de gemeente saneamde tiny houses boud wurde kinne. In besteande regeling makket it mooglik dat by it slopen fan skuorren der in permaninte wenning foar weromkomme mei. As it oan Eaststellingwerf leit mei dat ek in tydlik lyts hûs wêze. Wethâlder Fimke Hijlkema sil noch ûndersykje oft dat ek mei fan de provinsje.

Tiny houses - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In tiny house is in frijsteand en folweardich hûs mei maksimaal 50 kante meter wenopperflak. De húskes binne faak goedkeaper as in gewoane keapwenning en dêrtroch ideaal foar starters.

Eaststellingwerf hat de ôfrûne jierren ferskate kearen de fraach krigen oft it mooglik is om yn de gemeente tiny houses te realisearjen. Dêrby gie de foarkar út nei it bûtengebiet. Foar de bou moat lykwols de planology oanpast wurde, om't in tiny house meitelt as in boude wenning.

By fiif gemeenten yn Súdeast-Fryslân is der krityk op it boubelied fan de provinsje. Wethâlder Hijlkema: "Elke gemeente vindt dat de vraag zo groot is dat er ruimte moet komen voor woningen. De druk op de woningmarkt is ontzettend groot." Se ropt de partijen op it oan de kollega's yn Provinsjale Steaten troch te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)