Wurk oan brêge Skûlenboarch, alle ferkear moat tiisdei omride

Rykswettersteat wurket tiisdei oan de brêge by Skûlenboarch tusken Jistrum en Eastermar. Troch it ûnderhald moatte it tal steuringen en it lawaai fan de brêge ôfnimme.
De brêge by Skûlenboarch © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Tusken 9.00 oere en 17.00 oere is de brêge ticht foar alle ferkear. Dat wurdt omlaat oer de brêge by Koatstertille. Fytsferkear kin omride oer de Joerelaan en it Westerein en oar ferkear oer de Nije Yndustrywei.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by de brêge
De brêge by Skûlenboarch yn de farrûte fan De Lemmer nei Delfsyl is spesjaal omdat it in draaibrêge is. Hy draait om in punt op in peiler middenyn it kanaal. It draaibere diel is mei hast 50 meter in hiele konstruksje.

Lûde bonk

De brêge jout lûdoerlêst, benammen simmerdeis as it waarm is. Dan bûcht it metaal mear. De gruttere kromming jout leven by it sluten fan de brêge as de metaaldielen op de wâlskanten op harren plak falle. It lûd wurdt noch fersterke troch de lange metalen konstruksje fan de brêge . Dat heart as in lûde bonk dêr't omwenners argewaasje fan hawwe.

Mooglik fersakking

Wat ek meispylje kin by de hurde bonk is dat de middenpeiler fersakke is. Dan komt der mear krêft op de úteinen dy't te plak falle. Undersocht wurdt oft it middeneilân fersakke is.
Nochris ferslachjouwer Johanna Brinkman tiisdeitemoarn by de brege