Bewenners yn ferskate soarchsintra Patyna besmet mei coronafirus

11 jan 2021 - 21:12

Op ferskate lokaasjes fan soarchorganisaasje Patyna binne bewenners posityf test op it coronafirus. It giet om twa ôfdielingen fan lokaasje Ielânen yn Snits, it Bonifatiushûs yn Snits en de ûnderferdjipping fan it Martenahiem yn Tsjom.

Ielânen yn Snits - Foto: Google Streetview

Om hoefolle minsken it krekt giet, hat Patyna net bekend makke. Wol seit de organisaasje dat bewenners yn isolaasje fersoarge en ferplege wurde. De lokaasjes of ôfdielingen binne ticht foar besikers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)