Trainer Johnny Jansen oer ferlies tsjin Fortuna Sittard: "Dit is Heerenveen-onwaardig"

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean siet snein troch corona thús mei segryn op de bank te sjen nei de nederlaach fan syn ploech tsjin Fortuna Sittard. Jansen miste de spirit, it gif en neamt it "Hearrenfean-onwaardig". We prate mei Jansen oer de wedstriid, oer de komst fan nije spilers en oer corona. Dêrneist ha we ek kontakt mei Sipke Hulshoff, dy't troch guon sjoen wurdt as de kroanprins ûnder de assistint-trainers en freed mei syn ploech FC Volendam wûn fan SC Cambuur.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.
Fan it coronafirus hat Jansen net bot te lijen hân. "Ik heb weinig klachten gehad. Ik heb 30 december een positieve uitslag gekregen en ben daarna direct in quarantaine gegaan. Ik heb 12 dagen in Noordwolde gewoond en mijn vriendin en dochter 12 dagen alleen via Facetime gezien, want die wonen in Groningen. Ik mag nu weer naar buiten en dinsdag sta ik weer op het trainingsveld." It is ûnwis oft er tongersdei by de wedstrijd tsjin RKC is. "Dinsdag word ik weer getest en dan is de vraag hoe hoog de waarden zijn."
Jansen siet dus snein thús foar de telefyzje by de nederlaach tsjin Fortuna Sittard. "Het is maar goed dat ik hier vijf televisies heb, hahaha. Nee, gekheid. We kregen echt zulke slechte goals tegen. Ik vond het heel vlak. Ik miste de sport, ik miste gif." Wêrtroch't it kaam, wit er net goed. "Je staat nog steeds achtste en het moet een geweldige doelstelling zijn om dat te halen. Ik vind het heel moeilijk om de vinger op de zere plek te leggen."
Hearrenfean makke moandei bekend dat de middenfjilder Tibor Halilovic oerkomt fan HNK Rijeka. Dat jout op it middenfjild mear mooglikheden. "Het is wel zo dat Joey Veerman zorgt voor de creativiteit op het veld. En als hij minder in zijn vel zit of goed verdedigd wordt, dan is het wel wat beperkter. Met Siem de Jong zijn we dan ook blij, die kan goed voetballen en zal een grotere rol krijgen. En Halilovic kan gewoon goed voetballen, dus er komt meer concurrentie."

Sipke Hulshoff op wei nei de top?

SC Cambuur ferlear freed thús mei 1-0 fan FC Volendam. By FC Volendam is Sipke Hulshoff de assistint fan trainer Wim Jonk. "Ik fûn it reedlik lykweardich en wy wiene de gelokkichste", sa begjint Hulshoff as hy it oer de wedstriid hat. "En ik tink dat de moed om te wikseljen dochs yn de 1-0 oerwinning resultearret."
Volendam begûn dit seizoen min, mar de lêste moannen klimt it op de ranglist. Se stean no sechsde. "Wy moatte us gewoan konsintrearje op in plak by de play-offs. Dêrom moasten we no eins wol winne", seit Hulshoff. "As we de 'wisselvalligheid' der úthelje, dan kinne we by de earste twa, trije meidwaan en oars konsintrearje we ús op in plak by de earste seis."

Fak apart

Hulshoff is nei Cambuur no dwaande oan syn twadde seizoen by FC Volendam as assistint by Wim Jonk. Earder wurke Hulshoff by Cambuur mei Arne Slot, dy't folgjend jier trainer wurdt by Feyenoord. Hoe sit it mei de ambysjes fan Hulshoff? Hoe grut is de kâns dat hy mei Slot mei giet? "Nul prosint. Neffens my ha Kees Kwakman en Hans Kraay (analytisy by ESPN, red.) dat dropt. Sjoch, dan sjogge je dat it goed west hat dat ik de stap makke ha nei Volendam. Dan fernim je dat de belangstelling yn my as persoan tanimt en dat is wol in moaie wurdearring."
Hulshoff hâldt him by de realiteit. "Assistint wêze is in fak apart. Ik wit net wat de takomst my bringt, as haadtrainer of assistint-trainer. As je oait de kâns ris krije om yn de top te wurkjen, dan moatte je wol realistysk wêze. De kâns is grutter dat ik de top helje as assistint-trainer as as haadtrainer."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.