Wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn lockdown: "Virus grijpt razendsnel om zich heen"

11 jan 2021 - 18:44

Yn wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean binne 27 meiwurkers en 20 bewenners besmet mei it coronafirus. Troch de fersprieding oer it hiele hûs, yn stee fan ien spesifike ôfdieling is der op it stuit ek gjin boarne- en kontaktûndersyk mooglik. "Het baart ons zorgen", sa seit bestjoerder Jan Maarten Nuijens fan de Kwadrantgroep.

"We hebben niet alleen in deze locatie besmettingen, Kwadrantgroep-breed hebben we zo'n 90 besmettingen op dit moment. Daarnaast hebben we zo'n 100 medewerkers die op dit moment geveld zijn door corona", seit Nuijens.

Der wurdt troch de GGD, yn gearwurking mei de Kwadrantgroep spesifyk ûndersyk dien nei de soarte fan besmetting yn 't Suyderhuys. De besmettingen binne ferspraat oer it hiele hûs en net op ien ôfdieling. Dat docht by it personiel en de bestjoeren de alarmbellen rinkeljen.

Der binne al meardere frijwilligers dy't assistearje wolle yn it wensoarchsintrum. "We zijn nu aan het bekijken hoe we dat zorgvuldig en verantwoord in kunnen vullen."

Foto: Ben de Jager, RTVNOF
(Advertinsje)
(Advertinsje)