Sjonger en keunstner Gerrit Breteler op list nije partij NLBeter

11 jan 2021 - 18:03

Sjonger en keunstner Gerrit Breteler fan Nes (Noardeast-Fryslân) docht mei oan de Twadde Keamerferkiezings, foar de nije partij NLBeter. Dat is in nije politike beweging dy't de stim fan de professional mear hearre litte wol yn Den Haag. No sitte der foaral beropspolitisy yn it parlemint, dy't kwealik ûnderfining hawwe bûten har eigen biotoop, seit NLBeter. Der steane foaral minsken út de soarch, ûnderwiis en wittenskip op de list.

Keunstner Gerrit Breteler - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De Twadde Keamerferkiezingen binne yn maart dit jier. Op nûmer 6 stiet Gerrit Breteler. "Ik ha troch corona al in jier neat mear te dwaan. Ik ken de listlûker goed en doe't sy mei it idee kaam, tocht ik wêrom net? Ik fyn demokrasy belangryk. En yn coronatiid freget elk him wolris ôf oft er noch op de âlde foet troch moat. Op de list steane gjjn 'doorgewinterde' politisy en dat makket it ek wol ynteressant. Der kin in soad better, yn de soarch, it ûnderwiis en op it mêd fan duorsumheid."

Hy fynt it belangryk dat minsken yn Fryslân ek kontakt hâlde mei de polityk yn Den Haag. "Ek de taal en streektalen binne belangryk." Ek syn eigen fakgebiet, de keunst, kin wol wat opskodde wurde. "Dat it jild nei oare plakken giet, dat is in ynteressante diskusje."

Breteler hat altyd in sosjaal-demokraat west. "Mei de taslagge-affêre is de transparânsje wol wat tichtsmard. It is tiid foar in goed nij fris lûd, ek al krije we mar ien sit, dat soe moai wêze." Hy giet der net fan út dat er sels yn de Keamer komt. "Mar ik stean wol foar wat ik doch. En ik fyn it leuk om te sjen hoe't it wurket." Syn biedwurd is: mear fatsoen, rjochtfeardiging, beskaving en emoasje yn de polityk bringe.

Njonken Breteler stiet noch in Fries op de list fan NLBeter: dat is húsdokter Igor Monzón.

Gerrit Breteler

(Advertinsje)
(Advertinsje)