Boer yn Himmelum sjit hûn fan buorman dea; wurkstraf ûnder betingst

11 jan 2021 - 17:44

In boer (48) út Himmelum hat in wurkstraf ûnder betingst fan tritich oeren krigen omdat er yn 2018 de hardershûn fan syn buorman deasketten hat. Neffens de boer wie de hûn syn pinken oan it opjeien. Yn in flits hie er syn gewear pakt en wie er dermei nei bûten gien. Doe't de hûn op himsels ôfstode, hat er it bist deasketten.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Neffens justysje kaam de man net earder as op de sitting mei dat ferhaal, by de plysje hie er sein dat er de hûn deasketten hie om syn pinken te beskermjen.

Justysje easke in wurkstraf fan tritich oeren, de rjochtbank lei dy op, mar dan ûnder betingst. De boer út Himmelum is troch it sjitynsidint syn jachtakte kwytrekke.

Trefwurden: 
hûn rjochtbank Himmelum
(Advertinsje)
(Advertinsje)