Lockdown leveret Amerikaanske Aris-spiler Chad Frazier nije hobbys op

11 jan 2021 - 15:51

De basketballers fan Aris Ljouwert spilen sneintejûn de earste oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen. Foar de Amerikaanske spiler Chad Frazier wie dat in ferlossing, nei goed trije moannen sûnder wedstriid. "Fansels. It fielt goed om dizze kâns te krijen om mei myn teamgenoaten wer de kompetysje oan te gean", seit Frazier. De lêste wedstriid fan de Ljouwerters wie op 3 oktober.

Aris-spiler Chad Frazier yn 'e lockdown

De 28-jierrige basketballer út North-Carolina wennet sûnt ôfrûne simmer yn in appartemint yn it sintrum fan Ljouwert. Mar in soad is der op it stuit fanwegen de lockdown fansels net te dwaan, dus moat hy himsels fermeitsje. "Somtiden lês ik e-books op myn kompjûter of ik harkje nei muzyk. Ik besykje ek om mear te learen oer oandielen. Ik doch ûndersyk op myn kompjûter", seit Frazier.

As it aanst wer mei, dan wol de Amerikaan graach mei de boat troch de Ljouwerter grêften farre en de Aldehou beklimme.

Krystdagen

Fanwegen de reisrestriksjes koe Frazier ek mei de krystdagen net werom nei syn famylje yn de Feriene Steaten. "Dat is dreech", seit de basketballer. "Je kinne wol yn kontakt bliuwe mei de technology, mar om net by se te wêzen is dreech."

Dochs bliuwt Frazier posityf. "Om yn libben te wêzen en it op watfoar wize dan ek te fieren, is al in segen foar my", seit hy.

Oefenwedstriid

De wedstriid tsjin kompetysjegenoat en topklup ZZ Leiden gie, nettsjinsteande tolve punten fan Frazier, mei 98-86 ferlern, mar dat wie snein fansels net it wichtichste. "It wie moai om hjir wer spylje te kinnen mei myn teamgenoaten", sa seit Frazier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)