Sam Mebius fytst nei Den Bosch om omtinken te freegjen foar diabetes

11 jan 2021 - 15:36

Jild ynsammelje om fan diabetes in sykte te meitsjen dy't te genêzen is: dat is it doel fan de 19-jierrige Sam Mebius fan Drachten. Op 20 febrewaris stapt hy midden yn de nacht op de fyts foar in tocht fan 200 kilometer nei Den Bosch.

Sam Mebius fytst nei Den Bosch om omtinken te freegjen foar diabetes

De haadstêd fan Brabân is net samar keazen. Doe't Sam ferline jier op 20 febrewaris de diagnoaze krige fan diabetes type 1 waard him sein dat hy as gebakje it bêste in Bossche Bol ite kin. "Het was voor mij dus wel duidelijk wat ik moest gaan doen: zelf eentje halen op de fiets", seit Sam Mebius. "Ik wil zo ook laten zien dat je met diabetes eigenlijk nog alles kan. Een jaar na mijn diagnose is dan ook mooi symbolisch."

Troch al it ûndersyk is al in soad bekend oer diabetes. Mei ynnovaasjes is de sykte draachlik te meitsjen. Sa rint Sam sels mei in ynsulinepomp rûn en hat hy in sensor yn de earm dy't mjit hoe't it mei syn sûkerspegel sit. "Het is en blijft alleen een chronische ziekte. Ik hoop dat met onder andere het geld dat ik inzamel er misschien stappen gezet kunnen worden in het onderzoek naar een geneesmiddel." Sam syn doel is no om 20.000 euro op te heljen: "Ik dacht eerst dat duizend euro wel mooi zou zijn. De teller staat alleen nu al boven de 15.000. Dus dan moet 20 ook mogelijk zijn."

Foto: Eigen foto

Mei Sam sels giet it goed. Hy hat de sykte ûnder kontrôle. "Wat ik zwaar vond was de acceptatie. Je hebt iets waar je niet vanaf komt maar waar goed mee te leven is. Je moet bij alles letten op wat je eet." Mar in Bossche Bol mei dus al: "Ik was op een verjaardag en wist niet wat ik wel of niet kon eten. Toen kwam de diëtiste met de Bossche Bol. Daar zit weinig in en is lekker."

En dus set Sam Mebius om 02.00 oere op 20 febrewaris op It Hearrenfean ôf nei Den Bosch: 200 kilometer fytse foar it goede doel mei as beleanning in Bossche Bol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)