195 nije coronabesmettingen yn Fryslân, minder as trochsneed

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 195 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 13 minder as snein, doe't 208 gefallen meld waarden. It trochsneed oer de ôfrûne wike is 225.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (34), dêrnei komme Ljouwert en Smellingerlân mei elk 24.

Twa nije stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa nije stjergefallen meld as gefolch fan corona, dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.
Der binne gjin nije pasjinten yn it sikehûs opnommen yn Fryslân.

Lanlik ek delgong

Lanlik binne der 5.499 nije besmettingen meld, dat is ek minder as it trochsneed fan de ôfrûne wike, dat is 7.261.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.