SC Hearrenfean hat Halilovic binnen: "Ik ha der nocht oan om te spyljen!"

11 jan 2021 - 16:19

Sportklup Hearrenfean hat Tibor Halilovic presintearre as nijste oanwinst. De kreative Kroätyske middenfjilder komt oer fan HNK Rijeka en tekenet in kontrakt oant de simmer fan 2024.

Tibor Halilovic by syn presintaasje:

Halilovic wie al langer yn Nederlân, mar siet in wike yn thúsisolaasje. "Gelokkich is myn freondinne der ek, dat makket it wat makliker", seit de Kroäat. "Fierder ha ik wat oan it hurdrinnen west, mar dat is wol oars as traine mei de hiele seleksje."

No't er syn hantekening set hat ûnder it kontrakt, mei er tongersdei direkt al spylje tsjin RKC Waalwijk. "As de trainer tinkt dat ik der klear foar bin, dan doch ik mei. Sels tink ik wol dat ik der klear foar bin. Ik ha der nocht oan om te spyljen!" It is in skoftke lyn dat Halilovic foar it lêst in training mei in komplete ploech dien hat. "Hast trije wiken. En tuskentroch ha ik dêrnei wol yndividueel traind, mar dat is dochs oars."

Op 'seis' en op 'acht'

"Tibor is een technische speler die zowel op 'zes' als op 'acht' op het middenveld uit de voeten kan", seit technysk manager Gerry Hamsta oer Halilovic. "Hij zou ook prima met Joey (Veerman) op het middenveld kunnen spelen."

Tibor Halilovic - Foto: sc Heerenveen

Halilovic spile yn de jeugdoplieding fan Dinamo Zagreb, mar makke nea syn debút yn it earste alvetal. Yn 2016 makke hy de oerstap nei Lokomotiv Zagreb, nei ien seizoen gong er alwer fuort nei Wisla Krakau. De lêste twa jier wie Halilovic basisspiler by Rijeka. Mei dy klup fersloech er dit seizoen AZ yn de Europa League. Halilovic wie al folle langer yn byld by SC Hearrenfean, mar ôfrûne simmer gie in transfer net troch, omdat Halilovic in swiere knibbelblessearre oprûn.

SC Hearrenfean betellet sa'n 1 miljoen euro oan HNK Rijeka foar de 25-jierrige middenfjilder.

Mear nije spilers

Earder dizze transferperioade lei SC Hearrenfean al Siem de Jong en doelman Ariel Harush fêst. Ek Syb van Ottele hat in mearjierrich kontrakt tekene. Nei alle gedachten wurdt ynkoarten ek linksback Rami Kaib (IF Elfsborg) presintearre. Syn transfer sit yn de ôfrûnjende faze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)