Wurkstraf foar Westereender nei slaanderij mei maat; freonskip foarby

11 jan 2021 - 14:27

Se wienen goede freonen en dronken geregeld in drankje mei syn twaen, mar jannewaris ferline jier gong it even goed mis tusken in 53-jierrige Westereender en syn maat.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Wêrom't se krekt spul krigen hienen, wisten se net mear, mar op in bepaald stuit hie de Westereender syn maat klappen jûn. Moandei moast er foar de rjochter ferskine, mar hy wie der net omdat er siik wie.

De freonen sieten jûns by ien thús te drinken. Om in oere as tsien hienen se in diskusje, wêrnei't it út de hân rûn wie.

Bier en kola-bearenburch

De fertochte hie syn maat klappen jûn, nei't er him earst al yn in nekklem naam hie. It slachtoffer tocht dat er wol 20 kear slein wie. Letter die bliken dat er syn jokbonke brutsen hie. De rjochter giet derfan út dat de drank de belangrykste oarsaak fan de slaanderij wie. De man hie bier en kola-bearenburch dronken.

Gjin freonen mear

De rjochter feroardiele de Westereender ta in wurkstraf fan 32 oeren, lyk oan de eask fan justysje. Fierder moat er 250 euro betelje oan it slachtoffer en 341 euro oan eigen risiko.

Neffens de advokaat fan de Westereender is it dien mei de freonskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)