FIDEO: Rom omtinken foar ferstoarne Joop Mulder yn Fryslân Hjoed

11 jan 2021 - 23:02

Yn in ekstra lange útstjoering fan Fryslân Hjoed stiene we dizze moandei stil by it ferstjerren fan Joop Mulder, oprjochter en âld-direkteur fan Oerol, it festival op Skylge. Minsken fan it eilân en út de kultuerwrâld binne ferslein troch syn ferstjerren.

Ferstjerren Joop Mulder skok foar kultureel Fryslân

"Joop was een inspirator op vele vlakken. Hij gaf iedereen de kans zich te ontwikkelen, hij is voor heel veel mensen belangrijk geweest in hun durf om te maken wat ze wilden maken", seit Siart Smit dy't Mulder by Oerol opfolge.

"De mooiste herinnering aan Joop is zijn lef en zijn visie. Joop was zijn tijd ver vooruit op cultuurgebied. Joop was een ziener. Zaken waar de meeste mensen nooit bij stilstonden, daar had hij al een idee over", seit Sytse Schoustra, oprjochter fan De Vrienden van Oerol.

"We zijn Joop als een uniek mens kwijtgeraakt. Hij was zo'n bevlogen, wat hij moeiteloos op iedereen over wist te brengen", seit riedslid Christa Oosterbaan.

Jannewietske de Vries en Jan Gaastra, beide bekenden fan Joop Mulder en leafhawwers fan syn kulturele wurk, wiene te gast yn de studio.

Tafelpetear mei Jannewietske de Vries en Jan Gaastra

Yn 1982 begûn Joop Mulder mei it Oerol Festival. Gjinien hie doe tinke kinnen dat it festival in wier ikoan wurde soe yn de kulturele wrâld. Politikus Jannewietske de Vries en festivalorganisator Jan Gaastra stiene tichtby Mulder.

"Ik fûn it in geweldige man, hiel ynspirearjend", seit De Vries, dy't jierren mei Mulder gearwurke hat. "Foar kultuer yn Fryslân hat hy in grutte betsjutting west en hielendal om ús ynternasjonaler te meitsjen. Hy hat my leard om oars nei de dingen te sjen. En hy hat my ek leard om fol te hâlden, want hy wie in geweldige trochsetter."

"De gedrevenheid van Joop, dat is een heel duidelijk verhaal", follet Gaastra oan. "Af en toe ook lastig om mee te werken, want als het één keer in zijn hoofd zat, dan moest het ook gebeuren. Maar ja, het lukte hem ook altijd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)