Faksinaasjelokaasje GGD Fryslân foar seis wiken folboekt

11 jan 2021 - 13:38

De faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân is de kommende seis wike folboekt. Op 15 jannewaris iepenet de lokaasje har doarren yn it WTC yn Ljouwert. Fanút de ferpleech- en fersoarginshuzen hawwe har 6825 minsken oanmelden. Sy krije de kommende tiid twa prikken. Dêrmei binne de faksins allegear reservearre.

Foto: Shutterstock

Yn totaal binne der mear as 7000 soarchmeiwurkers troch harren wurkjouwers útnoege om harren faksinearje te litten. Dêrnei folgje de 12.000 meiwurkers yn de thússoarch, hendikeptesoarch en de WMO.

GGD Fryslân krijt 325 faksins op in dei. De ferwachting is dat der fan febrewaris ôf mear faksins beskikber komme.

Niels van Mourik

(Advertinsje)
(Advertinsje)