Moai fuort wurdt "Moai Thús"; studinten litte sjen hoe't se de lockdown trochkomme

11 jan 2021 - 13:00

Bente en Klaas binne twa fjirdejiersstudinten út Fryslân. De lockdown lit harren gjin oare kar as elke dei thús te sitten, wat ta grutte ferfeling soarget by beide. Yn de sândielige rige Moai Thús betinke se hoe't se de dei trochkomme kinne. Bente har kreativiteit en Klaas syn nuchtere karakter meitsje fan Moai Thús in rige dy't oare thússitters ynspirearret en fermakket.

Sân studinten fan de oplieding Kommunikaasje fan NHL Stenden Hogeschool yn Ljouwert hawwe de ôfrûne wiken hurd wurke oan in nije rige foar Omrop Fryslân.

In grutte útdaging, omdat der in soad dingen troch restriksjes net mear mooglik wiene. Nei in flinke brainstoarmsessy kaam der dochs in goed idee op tafel. Want wêrom gjin rige meitsje oer wêr't wy no allegear mei te krijen hawwe? Of sa't Klaas en Bente it sizze: "yn stee fan moai fuort, dogge wy no alles moai thús!" Dyn eigen wintersport foarmjaan, in wrâldrekôr besykje te brekken en hielendal 'zen' wurde yn dyn eigen húskeamer.

Bente en Klaas fan Moai Thús

Moai Thús is fan moandei 11 jannewaris ôf sân dagen lang om 16.55 oere te sjen op Omrop Fryslân. De rige is ek online te folgjen op YouTube.

(Advertinsje)
(Advertinsje)