Ryksjild foar krimp en enerzjy

15 nov 2011 - 13:21

De Twadde Keamer wol dat it Noarden mear jild krijt foar krimpgebieten en enerzjyprojekten. Moasjes fan it CDA en de PvdA lykje dêrfoar in mearderheid te krijen, sa die bliken by de gearkomste fan de Keamerkommisje. Dy gie oer de takomst fan ynfrastruktuer en romte.

It ryk ynvestearret in hiel soad jild yn groeiregio's as de Rânestêd. Mar ek krimpgebieten lykas Noardeast Fryslân moatte sinten krije. De Keamer wol dêrnjonken it Noarden ek oanwize as belangryk knipepunt foar de enerzjyfoarsjenning. It is noch net bekend hoefolle ekstra jild oft der nei it Noarden gean sil. Dat hinget fan de úteinlike stimming yn de Twadde Keamer ôf.

Trefwurden: 
enerzjy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)