Ljouwerter fakkelsmiter hat spyt: "Het was een soort kortsluiting in mijn hoofd"

De 22-jierrige Ljouwerter dy't op Aldjiersnacht in brânende fakkel nei de plysje smiet, krijt 46 dagen selstraf, wêrfan 35 dagen ûnder betingst. Ek krijt de man in taakstraf fan 200 oeren. De Ljouwerter joech yn de rjochtbank ta dat er de fakkel smiten hie. Wêrom koe er net rjocht ferklearje. "Er is iets bij mij geknapt. Het was een soort kortsluiting in mijn hoofd."
Ljouwerter fakkelsmiter hat spyt
De 22-jierrige man die moandeitemoarn syn ferhaal foar de rjochtbank. Hy hie de fakkel eins bewarje wollen foar in wedstriid fan SC Cambuur, mar smiet him yn plak dêrfan nei in plysje-auto. Tsjin de plysjes rôp er 'vieze vuile kankerlijders' en 'kankerhomo's'. Yn de rjochtsseal koe er net útlizze wêrom't er sa lilk wie. "Ik had tien biertjes gedronken, maar ik kan het niet helder voor mezelf krijgen waarom ik het heb gedaan. Het is absoluut niet nodig en het mag ook niet."
Neidat de man de earste fakkel smiten hie, naaide er út. Op de Foarstreek smiet er in twadde fakkel nei in plysjeman. Dêr koe er oanhâlden wurde, wat lykwols net sûnder ferset en de nedige wurden gong. Neffens de man kaam dat troch in kombinaasje fan drank en adrenaline.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
Advokaat Gerald Pots oer de útspraak
De rjochter reagearre fernuvere op it gedrach fan de fertochte. "In een uniform zit ook een mens", seit er tsjin de fertochte. "Als je niet tegen drank kunt, moet je niet zoveel drinken. Waarom ben je niet gewoon naar huis gefietst?" De fertochte antwurde dat er winske dat er dat dien hie.
De offisier fan justysje easke 46 dagen selstraf, wêrfan 35 dagen ûnder betingst. Dizze straf hat de man yntusken al útsitten, om't er yn foararrest sitten hat. Boppedat kriget de man in taakstraf fan 200 oeren. De Ljouwerter rjochtbank gong mei yn dy strafeask.
Ferslachjouwer Onno Falkena folge de rjochtsaak