Merk yn Snits stiet faai: "De merk hat syn bêste tiid hjir hân"

11 jan 2021 - 11:46

De merk yn Snits stiet faai. Wêr't der jierrenlyn mear as twintich kreamkes op it plein oan it Grootzand stienen, binne dat der hjoed-de-dei noch mar fiif of seis. Neffens Wytze Meijer fan in bôlehannel is dat te tankjen oan de gemeente. "De fokus lei de ôfrûne jierren op de hoareka-ûndernimmers, dy't al mar gruttere terrassen krigen. Wy binne simpelwei fuortdrukt."

Meijer is ien fan de fêste merkkeaplju dy't alle sneons yn Snits stiet. Hy is net te sprekken oer de wize wêrop't de gemeente omgiet mei him en syn kollega's. "Ferskate merkkeaplju krigen de ôfrûne jierren hieltyd mar wer oare plakken, wat net altyd wurdearre waard." Ek it coronafirus hat foar in kealslach soarge, jout Meijer ta. "In soad merkkeaplju mei 'net-essinsjele' produkten meie net mear op de merk stean."

Harkje nei merkkeaplju

Mar neffens Meijer komt it ferlies fan kreamkes benammen troch de hâlding fan de gemeente. "Se sizze allinnich mar 'miskien, miskien, miskien' en alles moat earst oerlein wurde. Dat hat ús kreamkes koste." De gemeente moat serieuze stappen sette om de gesellichheid werom te bringen nei Snits, fynt er. "Alle merkkeaplju moatte byelkoar komme om ta ien plan te kommen. Der moat nei ús harke wurde, want minsken fan de gemeente, dy sjochst hjir net op de merk."

Wytze Meijer is ien fan de merkkeaplju yn Snits

Trefwurden: 
Snits merk
(Advertinsje)
(Advertinsje)