Hackoanfal leit ynstallaasjebedriuw Damstra yn Driezum plat

Ynstallaasjebedriuw Damstra út Driezum leit plat fanwegen in hackoanfal by it bedriuw dat de ICT fersoarget. De bedriuwen fan Damstra kinne dêrtroch sûnt sneontejûn net mear by de eigen gegevens.
© Google Streetview
"Sneontejûn krigen we berjochten fan kollega's dat se net mear by de gegevens koenen en doe ha we fuort kontakt socht mei Accent", seit direkteur Peter Meijlis fan Damstra. "It waard gau dúdlik dat alles plat leit."
De monteurs fan it bedriuw kinne har wurk wol dwaan, mar se kinne net mear yn de planning sjen. It bedriuw kin net mear yn de digitale planning en wurktarieding. "Foar hjoed wisten we noch wol wêr't de ôfspraken wienen, dus elk koe wol oan it wurk. De rest fan de wike wurdt noch wol in punt. Steuringswurk en ôfspraken by wenningbou, fersoargingshuzen en partikulieren stean by ús digitaal yn de boeken en dêr kinne we dus net mear by." It bedriuw freget klanten dan ek om te beljen om har ôfspraak troch te jaan.
Oan hoefolle skea oft der is, wol Meijlis noch net iens tinke. "Op de koarte termyn kinne we noch wol begryp fan klanten krije, mar as it langer duorret, kinne gewoan net fierder."
Wim Behage fan Accent en Peter Meijlis fan Damstra

Oanfal

Neist Damstra binne ek ferskate oare Fryske bedriuwen en organisaasjes troffen dy't de ICT by automatisearringsbedriuw Accent út Snits hawwe.
"Er was een ongeautoriseerde activiteit in de systemen en we besloten om ze te sluiten om zo de activiteiten te stoppen en zo hebben we een mogelijke aanval afgeslagen. We zijn nu druk bezig om te kijken hoe we weer veilig online kunnen komen", seit Wim Behage, kommersjeel direkteur fan Accent.
Der is gjin data 'bút' makke. "Doordat we direct actie ondernamen zijn we er op tijd bij geweest. Techneuten zijn dag en nacht de systemen aan het monitoren op dergelijk aanvallen." Dat is de lêste jierren mei in kwart tanaam. "Iedereen wordt aangevallen, dat gaat om personen, bedrijven en datacenter. Het is een dagelijkse bezigheid."
Mei ekstern advys en help is it bedriuw dwaande om wer yn de loft te gean. "Dat wordt driedubbel gecontroleerd." It ûndersyk nei de hackoanfal is noch geande.