Plysje en brânwacht komme yn aksje foar gûlende 'poppe' yn kleankontener

11 jan 2021 - 10:50

De brânwacht hat yn de nacht fan snein op moandei in wol hiel bysûnder slachtoffer rêden. Ut in kleankontener by it tankstasjon oan de N361 yn Gytsjerk hearden minsken it lûd fan in gûlende poppe. De plysje waard allarmearre, dy't op syn beurt de brânwacht ynskeakele. Nei't de kontener iepenbrutsen wie, die bliken dat der yn de jiskepûden in boartersguod poppe siet.

Foto: De Vries Media

Ut foarsoarch kaam ek in ambulânse nei it tankstasjon, mar al rap die bliken dat dit gelokkich net nedich wie. De brânwacht en plysjeminsken koenen ferromme sykhelje doe't de boartersguod poppe út ien fan de jiskepûden tefoarskyn kaam.

"Verontrustende melding"

"Dat was een behoorlijk verontrustende melding.", seit plysjewurdfierder Ingrid Coenen. "De collega's hoorden geen geluid meer. De personen die het gemeld hebben, hebben iets in die container gedaan en zij hoorden op dat moment iets wat klonk als babygehuil."

Foar de wissigens waard de brânwacht oproppen om de kontener te iepenjen. It die dus bliken dat it in boartersguod poppe wie, dy't lûd makket at it ynknypt wurdt. "Dat is natuurlijk apart, dat verwacht je niet. Maar het is natuurlijk een opluchting."

Plysjewurdfierder Ingrid Coenen

(Advertinsje)
(Advertinsje)