Fundearring fan Dokkumer stedsbrouwerij komt út 16de iuw

11 jan 2021 - 10:35

De fundearrings fan stedsbrouwerij Bonifatius yn Dokkum binne hûnderten jierren âld. Dat docht bliken út ûndersyk fan dendrochronolooch Paul Borghaerts. It giet om ikehouten fundearringspeallen út de 16de iuw.

Foto: Stichting Dockumer Biergilde

De beam wêrfan't de fundearrings makke binne, komt út West-Dútslân, en is nei alle gedachten yn it jier 1541 delhelle. Dokkum wie yn dy tiid in wichtige trochfierhaven foar hout. De houten fundearring kaam oan it ljocht by wurk oan de kelder fan it pân en is nei alle gedachten de orizjinele fundearring fan it pân.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie yn Dokkum (1)

De stedsbrouwerij Bonifatius sit oan de Diepswal yn Dokkum. Op de âldste tekeningen fan de stêd, út 1560, is it pân al te sjen. De stedsbrouwerij wol hjir in mikro-biermuseum meitsje.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie yn Dokkum (2)

(Advertinsje)
(Advertinsje)