Tal minsken op Fryske IC's rint bytsje op oant 32 pasjinten

11 jan 2021 - 10:19

Yn Fryslân lizze op dit stuit 89 pasjinten mei it coronafirus yn it sikehûs. It tal minsken dat op de intensive care leit is fêststeld op 32. Dat is hast gelyk oan freed doe't it der 30 wienen. Dit docht bliken út sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Op dit stuit lizze 57 pasjinten op net-IC-bêden. Dat binne der minder as freed, doe't it der noch 72 wienen.

Yn de noardlike trije provinsjes lizze mei-elkoar 224 minsken mei in mooglike coronabesmetting yn it sikehûs. 70 fan harren komme út in oare regio.

Trefwurden: 
coronafirus intensive care IC
(Advertinsje)
(Advertinsje)