Wetterskip Fryslân ferheget wetterkearing by Museum Belvédère

11 jan 2021 - 09:28

Wetterskip Fryslân sil de wetterkearingen om Museum Belvédère hinne opheegje. Dat wurdt dien om wetteroerlêst yn de takomst te beheinen. De wetterkearingen foldogge neffens it Wetterskip net mear oan de hjoeddeistige easken. "De waterkering hier is deels te laag en deels niet stevig genoeg", fertelt projektlieder Michel Bartels. "Tijd om de boel te verstevigen."

Foto: Omrop Fryslân

Om elkenien tsjin it wetter te beskermjen, kontrolearret it Wetterskip geregeld alle wetterkearings. Dat dogge se troch alle diken troch te berekkenjen. "We willen voorkomen dat dijken bezwijken", fertelt Bartels. "Hier bij Museum Belvédère is de situatie absoluut nog niet onveilig, maar we willen ook in extreme situaties dat de waterkering veilig is."

De tagongsdyk nei it museum wurdt oanpakt. Dêrby pleatst it Wetterskip peallen yn de grûn, wêrtroch't de grûnlagen ferstevige wurde. "We slaan palen in de grond om de lagen aan elkaar te nieten. Dat is niet zo spannend, dat hebben we in een week tijd klaar", wit Bartels.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by Museum Belvédère

Museum Belvédère yn Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Oan de sydkant leit in twadde wetterkearing, dy't ek oanpakt wurde moat. "Hier gaan we grond tegenaan plakken, zodat we de kering verbreden. De sloot naast de huidige kering gooien we dicht en hogen we op. Direct daarnaast graven we een nieuwe sloot. Die grond kunnen we hergebruiken, zodat we hier niet met vrachtwagens naartoe hoeven te rijden."

Salang't it wurk duorret komt der in tydlik paad, dêr't minsken gebrûk fan meitsje kinne. "De waterkering zelf daar doen we niets aan. Er loopt een mooi pad overheen, met bomen erlangs. Daar doen we niets aan. We maken een natuurvriendelijke oever, zodat het vriendelijker overloopt in het water."

Michel Bartels leit út wat der krekt barre sil

(Advertinsje)
(Advertinsje)