Bestelbus brânt folslein út yn Grou

11 jan 2021 - 08:53

In bestelbus oan de Biensma yn Grou is moandeitemoarn yn flammen opgongen. De brânwacht waard krekt nei sân oere moarns alarmearre, mar koe net foarkomme dat de bus folslein útbaarnde.

Foto: SRFotografie

De plysje ûndersiket de tadracht fan de brân. Mooglik is koartsluting de oarsaak fan it fjoer. De bestelbus is fuortsleept troch in bergingsbedriuw.

Trefwurden: 
Grou autobrân bestelbus
(Advertinsje)
(Advertinsje)