Kollum: "Ut de kast"

11 jan 2021 - 08:24

"Naar bed, naar bed, zei Duimelot;
Eerst nog wat eten, zei Likkepot;
Waar zal ik het halen? vroeg Lange Jaap;
Uit moeders kastje, zei Ringeling;
Dat zal ik verklappen, zei de Sociale Dienst.

Dit wiiske fertelde ús mem ús eartiids altyd as wy op bêd moasten. Allinnich wie de lêste sin krekt wat oars. Mar krekt as Sinteklazeferskes moat ek dit wiiske wat update wurde anno 2021.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Doe't ik krekt foar de jierwiksel it berjocht lies oer de frou út de gemeente Wijdemeren gong my it hier rjochtoerein stean. Dizze frou wurdt beskuldige fan fraude om't sy in útkearing krijt en har mem elke wike wat boadskippen foar har hellet. In meiwurker fan de Sosjale Tsjinst hie by har yn de keukenkastkes guod fan Albert Heijn stean sjoen. En doe wienen de alaarmbellen ôfgong. Want hoe kin in frou yn de bystân guod by de Appie keapje?

Alles, mar dan ek álles oan dit ferhaal makket my poerrazend. Wa yn godsnamme hellet it yn 'e plasse en skuor by in oar de keukenkastkes iepen? En dan it feit dat jo as Sosjale Tsjinst op basis fan guod fan de Albert Heijn konkludearje dat soks noait troch immen yn de bystân kocht wurde kin. En ta beslút - as blykt dat it guod troch heit en mem kocht is - dat jo de konklúzje lûke dat soks fraude is en dat der dus jild werombetelle wurde moat.

"Dit is no ienris de wet", rôp de gemeente Wijdemeren doe't dit ferhaal yn it nijs kaam. Wylst Rutte al jierren ropt om in 'participatiemaatschappij' skriuwt de wet ús it tsjinoerstelde foar. Heiten en memmen dy't harren bern yn de bystân helpe as sy it finansjeel dreech ha, wurde bestimpele as boeven. Der komme sels KGB-achtige opspoaringsmetoaden oan te pas om soks oan it ljocht te bringen. Dit is gjin 'participatiemaatschappij', mar in 'spionagemaatschappij'.

Noch efkes los fan de wet: ik kin it my wier net yntinke datst as kontroleur sa brutaal bist om by in oar de tee, de kofje en de sûkerpot oan de kant te ramen op syk nei guod dat immen kocht hat. Soenen se dan ek yn de badkeamerkastkes loere om te sjen oft der djoere Andrélonsjampoo stiet yn stee fan in goedkeape ferzje fan de Kruidvat? Yn de skuonkast dêr't echte Nikes stean yn stee fan dy sabeare neimakke dingen. Of yn it nachtkastke, dêr't - foei! - guod fan EasyToys stiet. Ek sok boartersguod kin fansels noait fan in útkearing betelle wurde. Dus dûbeldop reade earkes.

Ik kin der wier mei myn ferstân net by dat wy hjir sa mei minsken omgean. Ik mei dochs hoopje dat de measte gemeenten harsels ris flink achter de eare klauwe en neitinke oer de wize wêrop't se mei boargers omgean. Want as it bliuwt sa't it no is, dan kinne we de Sosjale Tsjinst tenei mar better de Asosjale Tsjinst neame. Dan witst yn elk gefal wa'tst yn de hûs hellest. Of better sein: yn dyn keukenkastke."

(Advertinsje)
(Advertinsje)