Bestjoerder yn Aldegea (Sm.) giet flammen ûnder de motorkappe te liif mei fleske drinken

11 jan 2021 - 07:52

In automobilist is sneintejûn mei de skrik frijkaam doe't der ûnder it autoriden samar flammen ûnder syn motorkappe útkamen. Dat barde oan de Gariperwei yn Aldegea Smellingerlân. De man besocht de flammen ûnder de motorkappe út te krijen mei in fleske drinken dat er by him wie.

Foto: SRFotografie

De bestjoerder krige al rap help fan in foarbygonger dy't in brânblusser by him hie. Doe't it fjoer út wie, besocht de bestjoerder syn auto op 'e nij te starten. Dêrby wie er ferjitten om de auto út de fersnelling te heljen, dy't dêrtroch yn de sleat belâne.

De brânwacht fan Burgum hat de man holpen om de auto út de sleat te lûken. De bestjoerder rekke by de brân ferwûne oan syn hân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)