Skip rint fêst op strân fan It Amelân

11 jan 2021 - 07:15

Op It Amelân is sneintejûn in fiskersskip fêst kaam te sitten op it strân. It gong om de Piet Hein, in skip fan sa'n 40 meter lang. Neffens Persbureau Ameland soe de skipper mei opset sin syn skip drûch lein ha om in probleem mei de kyl te reparearjen. Yntusken fart it skip wer.

Foto: De Vries Media

De skipper krige fan it eilân ôf help fan ferskate minsken dy't byskynden mei harren auto's. Om healwei fiven moandeitemoarn slagget it om mei heech wetter wer los te kommen en fierder te farren nei de bestimming.

(Advertinsje)
(Advertinsje)