Tenei gjin muntjild mear yn parkearautomaten Ljouwert

De gemeente Ljouwert sil fan moandei ôf alle parkearautomaten ombouwe, sadat se net langer geskikt binne foar kontant jild. Minsken kinne tenei allinnich noch mar betelje mei in bankpas of fia in app op harren telefoan. Yn totaal giet it om sa'n tachtich automaten. Hayo van der Meer is adviseur Ferkear & Ferfier by de gemeente en leit út wêrom't dit dien wurdt. "Hast net ien betellet mear mei kontant jild."
© ANP Foto
Dêr't yn 2015 noch goed 65 prosint fan de minsken de parkearmeter betelle mei kontant jild, is dat yn 2020 weromrûn oant noch mar 15 prosint. "Hast de helte fan de minsken betellet yntusken mei in parkearapp op de telefoan", wit Van der Meer. "It tal minsken dat kontant betellet rint hieltyd fierder werom. Dat is foar ús de haadreden om de automaten hielendal ticht te meitsjen foar kontant jild. Boppedat is it in stik feiliger foar elkenien."

Samar klear

It heart as in grutte operaasje om de parkearautomaten oan te passen, mar dat falt ta, fersekeret Van der Meer. "Al ús automaten yn de gemeente binne der klear foar. Wy sette allinnich in plaatsje foar it gleufke dêr't it kontante jild yn moat. De automaten binne al in hiel skoft klear foar beteljen mei de pinpas of de telefoan."
Minsken dy't perfoarst mei muntjild betelje wolle, binne altyd wolkom yn de parkeargaraazjes yn Ljouwert. "Dêr kinst noch altyd mei munt- en papierjild betelje", leit Van der Meer út.
Hayo van der Meer fan de gemeente Ljouwert