Ljouwerter nei Ried fan Steat om houtkachels: "Mijn vrouw kan thuis niet ademhalen"

11 jan 2021 - 06:37

Ronnie Pieters fan Ljouwert wol fia de Ried fan Steat ôftwinge dat de gemeente Ljouwert wat docht oan de oerlêst fan houtkachels. Pieters syn frou hat longklachten en hat dêrtroch in soad lêst fan de reek fan houtkachels. "Mijn vrouw zit meer dan de helft van het jaar opgesloten in een kamer van 3 bij 4, omdat ze thuis niet kan ademhalen", seit Pieters.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Pieters hat de gemeente Ljouwert yn 2017 al frege om ûndersyk te dwaan en maatregels te nimmen, mar de gemeente soe dat foar him útskood hawwe. Neffens de advokaat fan Pieters wol de gemeente de houtkachels net oanpakke, om't de oerheid wol dat minsken fan it gas ôfgean. Houtkachels binne dêrfoar in alternatyf. "Wij hopen met deze strijd niet alleen het mogelijk te maken dat wij zelf hier kunnen blijven wonen en dat wij weer woongenot hebben in ons eigen huis, maar ook dat andere mensen die last hebben van de houtkachels hun woongenot terugvinden", seit Pieters.

Ekstreme reaksje

Troch de coronakrisis is it probleem foar de famylje Pieters allinnich mar grutter wurden. Gewoanwei gienen de houtkachels pas tsjin seis oere jûns oan, mar trochdat de minsken no de hiele dei thús binne, begjint it moarns al. De frou fan Pieters kin net oer de fynstof dy't dêr by frijkomt. "Daar reageert haar lichaam heel extreem op. Dat lijkt op astma, maar het is veel ernstiger dan astma. Het gaat in haar bloedbaan zitten en dat heeft ernstige fysieke consequenties voor haar. Daardoor kan ze niet normaal in huis rondlopen, laat staan buiten", sa seit Pieters.

Ferbod

Pieters hopet dat de oerheid it houtstoken úteinlik ferbiedt. "Uiteindelijk is onze wens dat er in woonwijken en dorpen waar burgers heel dicht op elkaar wonen, zoals hier, er een totaal houtstookverbod komt. En dan niet alleen op dagen dat het windstil en mistig is", sa seit Pieters.

De útspraak fan de Ried fan Steat oer it hanthavenjen fan de houtkacheloerlêst folget oer seis wiken.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw prate mei Ronnie Pieters

(Advertinsje)
(Advertinsje)