Fersleine reaksjes op ferstjerren Joop Mulder: "Joop Mulder was een icoon"

11 jan 2021 - 16:20

Yn de kulturele wrâld en op it eilân Skylge soarget it ferstjerren fan Joop Mulder foar in soad reaksjes. Hy wie in ikoan, unyk, ynspirearjend en fertsjinnet in stânbyld sizze minsken dy't him kend ha. Yn dit artikel in oersjoch fan de reaksjes.

Yn in ekstra lange útstjoering fan Fryslân Hjoed dizze moandei rom omtinken oan it ferstjerren fan Joop Mulder.

Foto: ANP Foto

"Joop was een icoon." Dat seit Siart Smit nei oanlieding fan it ferstjerren fan Joop Mulder, âld-direkteur fan Oerol. Smit naam it stokje fan Mulder oer en is sûnt 2018 direkteur fan it Oerol Festival op Skylge. "Joop was een inspirator op vele vlakken. Hij gaf iedereen de kans zich te ontwikkelen, hij is voor heel veel mensen belangrijk geweest in hun durf om te maken wat ze wilden maken." Ek fan Skylge komme fersleine reaksjes.

Smit kaam Mulder foar it earst tsjin doe't er as saaklik lieder by Tryater oan de slach gong. "Gedurende de jaren groeide het contact. Joop kon als geen ander uitleggen waarom creativiteit belangrijk was. Ik denk dat we in de cultuurwereld allemaal schatplichtig aan hem zijn. Hij was een inspiratiebron voor velen. Een icoon in de cultuurwereld."

Joop was een icoon in de cultuurwereld.

Siart Smit

Foar de troepen út

Yn 2018 waard Smit de nije algemien direkteur fan Oerol, it lokaasjefestival op Skylge dat troch Mulder betocht waard. Dochs koe Mulder syn 'berntsje' wol loslitte, fertelt Smit. "Ik kreeg volop vertrouwen. Ik heb ook niet het gevoel gehad dat ik in zijn schoenen moest staan. Hij heeft een fantastisch fundament gelegd, waar ik op door mag werken. Oerol blijft een plek waar altijd vooruitgedacht wordt, waar we proberen voor de troepen uit te lopen."

Noch lang net klear

Mulder wie 67 jier doe't er ferstoar en hie noch folop ideeën dêr't er mei dwaande soe, wit Smit. "Joop was nog lang niet klaar. Hij had nog volop plannen. We kennen Joop als iemand die nooit opgeeft, dus er zou nog van alles gebeuren. Ik ben ervan overtuigd dat een aantal plannen door anderen zal worden opgepakt en uitgevoerd gaat worden, maar het is spijtig dat hij ze zelf niet af heeft kunnen maken."

Siart Smit oer it ferstjerren fan Joop Mulder

Sytse Schoustra

Hij heeft wel een standbeeld verdiend.

Sytse Schoustra

Ek fan it eilân Skylge komme der in soad fersleine reaksjes nei oanlieding fan it ferstjerren fan Mulder. Ien fan harren is Sytse Schoustra, oprjochter fan De Vrienden van Oerol. "De mooiste herinnering aan Joop is zijn lef en zijn visie. Joop was zijn tijd ver vooruit op cultuurgebied. Joop was een ziener. Zaken waar de meeste mensen nooit bij stilstonden, daar had hij al een idee over."

Ek de ynfloed fan Mulder op it libben op it eilân hat grut west. "Joop heeft enorm veel voor het eiland betekend. Hij heeft Terschelling op de kaart gezet. Jaren geleden, toen ik zelf in het hoofdbestuur zat, genereerde hij zo'n 200 arbeidsplaatsen met z'n festival. Het gemis is enorm. Ook de mens Joop wordt gemist. Hij stond voor iedereen klaar. Hij heeft wel een standbeeld verdiend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)