Lockdown yn Fryslân: "Ik fertsjinje aardich, mar de gesellichheid is folslein fuort"

10 jan 2021 - 20:48

Op it parkearterrein oan de Prins Hendrikkade yn Snits stean trije auto's. In fjirde komt om kertier oer tolven krekt it terrein opriden op dizze fjirde sneon fan de strange lockdown yn Fryslân. Gewoanwei is der op dit plak om dizze tiid hinne gjin inkeld plak te finen. No wol. De winkels binne ticht en it sintrum is sa goed as leech. "It is ferskriklik. Normaal is it echt folle drokker", seit merkkeapman Wytze Meijer. "It is djip tryst."

Lockdown yn Fryslân

Op de merk steane dizze sneon ferspraat oer krekt wat mear as hûndert meter seis kreamkes. Folle minder as gewoanwei. Dat hat alles te krijen mei de coronakrisis. Merkkeaplju dy't sels siik binne, west ha of der is sykte by de leveransiers. "En we moasten ús ek oanpasse oan de nije regels fan de gemeente. Sa moast der romte makke wurde foar de hoareka om mear terrassen oan te lizzen. En hoewol't de hoareka no ticht is, binne de regels noch gelyk", fertelt Meijer.

Hy mist de gesellichheid fan sneon bot. "De minsken dy't hjir no komme, dogge dat hiel doelmjittich. Se komme echt om wat te keapjen en net om in praatsje." Dochs hat Meijer net te kleien oer syn ferkeap. "Minsken komme no ek nei my ta om't se it yn de supermerken te drok fine. Dan keapje se harren bôle leaver op de merk yn de bûtenloft."

Ik voel me eigenlijk wel een beetje schuldig dat ik de stad in ben gegaan.

Winkeljend publyk yn Snits

Neist de merk binne der yn it sintrum ek noch in hantsjefol minsken ûnderweis nei drogisterij of de bakker. En sa no en dan ris nei binnen sjen yn in winkel oft der net dochs ien is. "Ik zag een mooi jasje hangen in de etalage dus zat even te turen hoe deze kledingwinkel de coronacrisis aanpakt", seit Edwin Potters. "Ik voel me eigenlijk wel een beetje schuldig dat ik de stad in ben gegaan, maar ik kwam er achter dat mijn koffie op was en heb ook even shampoo nodig en dan ga je toch maar even."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ljouwert

By De Centrale yn Ljouwert is it sa mooglik noch minder drok. Allinnich by de broadsjesaak komt sa no en dan ris ien binnen. Mar de hûnderten parkearplakken binne dizze sneon sa goed as leech. De winkels binne ticht, al sjogge je noch wol wat personiel binnen foar it opheljen fan guod.

Ek wurdt der skjinmakke, sa fertelt ien fan de minsken troch de tichte doar fan in elektroanikawinkel. It lege parkearplak wurdt troch jongerein brûkt om te sjen hoefolle leven harren auto meitsje kin wannear't se efkes flink gas jouwe. Prate mei de ferslachjouwer, oer wat se hjir dogge no't de winkels ticht binne, wolle se net.

Drachten

Yn in sintrum fan Drachten is it byld oars. Op ferskate plakken yn it sintrum stiet in rige foar de doar fan winkels dy't wol iepen binne. "Het valt me op hoeveel mensen hier nog op pad zijn", seit Joop Huiberts. Hy en syn frou Janneke wenje yn it sintrum fan Drachten en as se it ferlykje mei earder yn de lockdown dan is it gewoan drok. Janneke seit: "Meastal geane we efkes bûtenút te kuierjen, mar hjoed binne we dochs efkes in slachje troch it sintrum oan it dwaan en it falt echt op hoefolle minsken der noch binne."

Der binne mear dy't efkes in kuierke meitsje troch it sintrum. Sa ek Helge en Tieneke. Ek harren falt it op hoe drok it eins is. "Minsken sykje wat gesellichheid op tink ik", seit Tieneke. "Dat jildt ek foar ús. We woene dochs efkes in rûntsje meitsje." Helge: "Het is misschien wel druk, maar je ziet wel dat mensen zich aan de regels houden. Iedereen houdt afstand en draagt keurig een mondkapje, dus dan is het ook niet zo erg."

Benammen de banketbakker yn Drachten liket it drok te hawwen. Der stiet in rige foar de doar. Neffens ien fan de minsken yn de rige is dat wol logysk. "Elkenien giet efkes in blokje om en komt dan de bakker tsjin. En dan wolle je dochs efkes wat lekkers by de kofje hawwe. Je moatte dochs wat om noch gesellichheid te krijen yn de lockdown."

(Advertinsje)
(Advertinsje)