SC Hearrenfean troch de ûndergrins: "Slecht verdedigen van onze kant"

10 jan 2021 - 18:55

Der gie sneintemiddei in soad mis by Sportklup Hearrenfean. De ploech ferlear op eigen fjild mei 1-3 fan Fortuna Sittard. Benammen de earste helte fan de Feansters wie striemin, by it skoft stie it al 0-3. Neffens assistint-trainer Hennie Spijkerman gie it benammen mis yn de ferdigening by Hearrenfean: "We geven de goals veel te makkelijk weg achterin."

Foto: Orange Pictures

Assistint-trainer Hennie Spijkerman makke syn debút as haadtrainer fan Hearrenfean, om't Johnny Jansen thús sit mei in coronabesmetting. "Ik had het me heel anders voorgesteld. De voortekenen waren deze week ook goed op de training, maar daar is niks van terecht gekomen."

Spijkerman seach dat it benammen achteryn in pear kear goed mis gie by de Feansters: "De goals die je tegenkrijgt zien er niet uit. Dat was echt slecht verdedigen van onze kant."

It wiene benammen persoanlike flaters dy't derfoar soargen dat Hearrenfean op achterstân kaam. "Iedereen kan een keer in de fout gaan. Maar er waren goals bij waar meerdere mensen in de fout gingen. Dat kan in mijn beleving niet, en dat geeft aan waar we staan. We gaven tot een week of zes geleden weinig weg achterin, maar dat is nu een beetje weg. Daar moeten we mee aan de slag, het vertrouwen bij die gasten terugkrijgen."

Hennie Spijkerman nei de nederlaach tsjin Fortuna Sittard

Nei de minne earste helte fûn Spijkerman wol dat syn ploech in bettere twadde helte spile: "In de rust hebben we aangegeven dat we of de kop konden laten hangen, of dat we onze rug konden rechten om te proberen er toch nog een wedstrijd van te maken. Ik vind dat ze dat laatste in elk geval geprobeerd hebben. Voor ons was het alleen jammer dat de aansluitingstreffer eigenlijk te laat valt. We spelen over drie dagen weer, tegen RKC, dan moet je laten zien dat je vanaf het begin zo speelt als in de tweede helft."

'Alles ging mis in twintig minuten'

Neist it debút fan Spijkerman wie der ek it debút fan middenfjilder Siem de Jong. Ek hy hie mear ferwachte fan syn earste wedstriid foar Hearrenfean: "Dit is niet het resultaat waar je op hoopt. We hebben in een half uur tijd de wedstrijd weggegeven. Het eerste kwartier controleerden wij. We zetten goed druk, al creëerden we weinig kansen. Na hun eerste goal viel het wat weg bij ons, dat ging wel hard."

Siem de Jong makke syn debút foar Hearrenfean

De Jong hie gjin ferklearring hoe't it kin dat syn ploech sa fier troch de ûndergrins sakke. "Alles ging even mis in twintig minuten, dat maakten zij koelbloedig af. Ik denk dat het ook een beetje vertrouwen is. Het loopt dan even niet, we winnen net de duels niet, komen net niet aan de bal. Het eerste kwartier ging dat makkelijker, maar na de tegenslag van de tegengoal valt dat even weg. Dat straffen ze goed af."

(Advertinsje)
(Advertinsje)