Kabinet ferlinget lockdown mei trije wiken

10 jan 2021 - 18:19

De lockdown wurdt mei trije wiken ferlinge. Dat hat it kabinet sneintemiddei besletten nei oerlis op it Catshuis, sizze boarnen tsjin de NOS. Der komme dus gjin fersoepelingen nei 19 jannewaris, mar nei alle gedachten komme der ek gjin swierdere maatregels.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Healwei desimber makke it kabinet bekend dat alle 'net-essinsjele' winkels harren doarren slute moasten. De lockdown soe oant 19 jannewaris duorje. Dy situaasje duorret no trije wiken langer.

De kommende dagen wurdt der noch fierder oerlein yn Den Haag. Tiisdeitejûn is der dan wer in parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge.

Trefwurden: 
coronafirus lockdown
(Advertinsje)
(Advertinsje)