Romke Kooyenga oer in turbulint 2020: "Moat it no allegearre sa?"

10 jan 2021 - 16:52

As sukses-ûndernimmer Romke Kooyenga weromsjocht op 2020 omskriuwt er it as "In bewogen en emosjoneel jier". En dêr mei seit er neat te folle. Twa bruorren kamen yn 2020 te ferstjerren, syn "Kooyenga Groep" waard ferkocht en it Belgyske aventoer mei in eigen kastieltsje dêr, waard ôfsletten mei in ferhuzing nei de Veluwe. "Wat in oar yn tsien of tweintich jier meimakket, ha wy yn in goed healjier hân."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Benammen op it persoanlike flak wie it in dreech jier, troch it ferstjerren fan syn bruorren Berend en Harry. "Mei myn broer Berend, dy't ek myn sjauffeur wie, hie ik in hiele persoanlike bân. Wy wiene hiel ferskillend, mar respektearren inoar dêryn."

Mei syn broer Harry hie Kooyenga minder goed kontakt. In grut saaklik skeel tusken beide bruorren moast yn it ferline sels by de rjochter útfochten wurde. "It is ferskriklik dat ik it dêr nea wer mei Harry oer ha kin. Mar ik leau net, ek efternei besjoen, dat we it beiden oars dien hiene. Ik ha dan ek nearne spyt fan."

'Alles is einich'

Hy neamt 2020 ek as in jier fan nije 'bewustwurding', dat alles einich is. "Dat hie ik al ris earder hân doe't ik jierren lyn foar in darmûndersyk nei it sikehûs moast. Asto der dan útstapst mei in positive útslach, binne de beammen dochs griener as wannear'tst binnen komst. Mar yn de tiid ferwetteret dat dan wer. Mar tsjintwurdich sjoch ik bygelyks eins alle dagen wol efkes op de webside Mensenlinq."

Koartlyn begûn Kooyenga in nij bedriuw, Bedrijfsadvies Noord-Nederland, dat yn Ljouwert fêstige is. "In pear dagen yn 'e wike wat sparre mei oare ûndernimmers en noch wat ynterim-wurk, dat past my op it heden it bêst. Ik wol dochs wat dwaan."

Politike aspiraasjes hat er ek noch efkes hân, benammen by 50-Plus. Mar no't dy partij ek al wer útinoar fallen is, sjocht er dêr foarearst fan ôf.

Undernimmer Romke Kooyenga oer 2020

(Advertinsje)
(Advertinsje)