Blamaazje yn eigen hûs foar SC Hearrenfean; 1-3 tsjin Fortuna Sittard

SC Hearrenfean hat sneintemiddei teloarstellend ferlern fan Fortuna Sittard. Yn it eigen Abe Lenstrastadion waard it 3-1 foar de besikers út Limboarch. Alle doelpunten fan Fortuna waarden makke yn de earste helte. Dêrby seach de ferdigening fan de Feansters der net goed út.
© Orange Pictures
Sûnder trainer Johnny Jansen, dy't mei corona thús sit, op de bank begûn Hearrenfean muoisum oan it duel. De Feansters mochten it spul meitsje fan Fortuna, mar hiene it lestich om troch de ferdigening fan de Limboargers te kommen. Nei goed tsien minuten wie it nijkommer Siem de Jong dy't fan grutte ôfstân úthelle, mar syn skot koe pakt wurde troch keeper Van Osch fan Fortuna.

Fortuna Sittard rint oer Hearrenfean hinne

In pear minuten letter krige topskoarder Henk Veerman in grutte kâns, mar syn kopbal gie krekt njonken de goal. It like derop dat Hearrenfean it duel ûnder kontrôle hie, mar just op dat momint kaam Fortuna der in pear goed út op de counter. Sa fuotballe Fortuna Sittard nei tweintich minuten ienfâldich troch de Feanster ferdigening hinne nei in lange bal fan achterút. It wie Ben Rienstra, de âld-spiler fan Hearrenfean, dy't syn ploech op foarsprong sette koe. Fjouwer minuten letter ferdûbele ferdigener Cox de foarsprong doe't hy in foarset fan Hansson tsjin de touwen kopte.
De besikers sakken dêrnei wer yn, mar Hearrenfean wist net wat se dwaan moasten mei de romte. Oan de oare kant fan it fjild sieten keeper Erwin Mulder en sintrale ferdigener Bochniewiecz inoar yn it paad, sadat Flemming der noch foar it skoft ienfâldich 3-0 fan meitsje koe.

Doelpunt Veerman

Assistint-trainer Hennie Spijkerman besocht yn te gripen troch Nygren derút te heljen yn it skoft. Syn ferfanger wie Arjen van der Heide. Hearrenfean besocht ek yn de twadde helte it spul wer te meitsjen, mar grutte kânsen kamen der net foar de ploech. Fortuna Sittard wie oan de oare kant wol gefaarlik. By in rappe útbraak wie it Semedo dy't troch de ferdigening fan Hearrenfean rûn, mar syn skot bedarre op de peal.
Mei noch in lytse tweintich minuten te gean wie der even wat hoop foar de Feansters, doe't Henk Veerman in doelpunt makke. Hearrenfean besocht it dêrnei noch wol, mar fierder kaam de ploech fan Hennie Spijkerman net mear.
Nei de nederlaach stiet Hearrenfean op 20 punten út 15 wedstriden. Dêrmei bliuwt de ploech achtste yn de earedifyzje.
SC Hearrenfean - Fortuna Sittard 1-3 (0-3): 20. Ben Rienstra 0-1, 24. George Cox 0-2, 37. Zian Flemming 3-0, 72. Henk Veerman 1-3,
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Akujobi, Van Hecke (60/Dresevic), Bochniewiecz, Woudenberg; J. Veerman, De Jong (60/Hajal), Kongolo (87/Smit); Van Bergen (74/Batista Meier), H. Veerman, Nygren (46/ Van der Heide).