208 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

10 jan 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 208 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 22 minder as sneon, doe't der noch 230 gefallen meld waarden.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, nammentlik 32. Dêrnei folgje Ljouwert mei 27 en Smellingerlân mei 22 besmettingen.

Yn Fryslân is der yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Fierder binne der 2 pasjinten yn it sikehûs opnommen yn Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)