Tsiende plak foar bobslider Dennis Veenker op EK fjouwermansbob

De Nederlânske fjouwermansbob mei dêryn Dennis Veenker fan Damwâld is sneintemoarn tsiende wurden by it Europeesk Kampioenskip yn Winterberg. Tegearre mei Ivo de Bruin, Joost Dumas en Janko Franjic wie it foar Veenker de earste grutte wedstriid fan it seizoen.
Dennis Veenker as twadde fan links yn de fjouwermansbob © Viesturs Lacis-IBSF
Nei de earste run wie de Nederlânske bob noch achtste, mar dat nivo koe piloat Ivo de Bruin net fêsthâlde yn de twadde run. De winst gie yn Winterberg nei de Dútser Francesco Friedrich. Friedrich wie sneon ek al kampioen yn de twamansbob wurden.