Túnhok yn 'e brân efter wente oan de Murkstraat yn Ljouwert

10 jan 2021 - 14:13

Efter in wente oan de Murkstraat yn Ljouwert hat brân west. It gie om in hok dat los fan it hûs stie, dêrtroch is de skea beheind bleaun. De drûger yn it hok stie yn ljochte lôge. Minsken op de buert seagen reek út de tún wei kommen en hawwe rap de bewenster warskôge, dy't oan it stofsûgjen wie.

De drûger - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Alles wat der yn it túnhok stie, is ferlern gien. Der kaam in soad reek by de brân frij, mar de skea bleau beheind ta it hok.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
Ljouwert brân Murkstraat
(Advertinsje)
(Advertinsje)