LDODK sjocht út nei kompetysjestart

10 jan 2021 - 14:00

Op it heechste nivo mei der takom wike wer kuorballe wurde. Dan set de Kuorbal League útein, mei dêryn ien Fryske ploech: LDODK fan Terwispel en De Gordyk. Sneon spile it team fan trainer Henk Jan Mulder in oefenwedstriid tsjin DVO út Bennekom. De winst gie mei 19-18 nei de besikers.

Henk Jan Mulder LDODK sjocht út nei kompetysjestart

"Je binne bliid dat je gewoan wer partije meie, dat is it moaiste wat der is," seit Erwin Zwart. En hielendal tsjin in tsjinstanner, want traine dogge wy oars wol." Dochs leit it nivo noch net sa heech as dat it earder wie. "Ik tink dat it ek wol logysk is, it is ommers de earste wedstriid wer." Dat sjocht ek coach Henk Jan Mulder: "It is de earste wedstriid dy't je spylje, mar wol tsjin in sterke tsjinstanner. Mar dêrom is it wol in hiel learsume jûn foar ús."

Tsien moannen lyn makke it coronafirus in ein oan de Kuorbal League fan 2019-2020. De lêste offisjele sealkompetysje-wedstriid fan LDODK wie op 8 maart 2020, yn Amsterdam tsjin Blauw Wit. De Gordyksters wûnen mei 23-20 en pleatsten har as nûmer fjouwer foar de play-offs om de lânstitel. Dy play-offs binne nea spile.

Kompetysje op 16 jannewaris

Takom sneon 16 jannewaris set de nije kompetysje útein. Yn in koartere ferzje as oare jierren. De Kuorbal League is opsplitst yn twa pûlen fan seis teams yn stee fan ien pûl fan tolve. Nei 20 maart bepale dan play-offs wa't de nije nasjonale kampioen wurdt.

Gouke de Vries oer kompetysjestart LDODK

"Dit is hiel spesjaal," seit Gouke de Vries. "Ik tink dat wy hiel bliid wêze meie dat wy kuorbalje meie. En dat wy by de 5.000 sporters yn Nederlân de sport bedriuwe meie yn kompetysjeferbân op dit stuit. It is net sa as foarhinne, mei al it publyk. Mar it fielt dochs goed."

Dêr hat er wol in punt. "Gewoanwei sit de hal fol mei minsken op de tribunen, no net. Mar goed, wy meie al lang bliid wêze dat wy spylje meie en hooplik de minsken thús wat ferdivedaasje biede kinne. Want dat kin sa wol mei de livestream."

Teste

By it sporten heart wol dat der rekken hâlden wurdt mei de coronamaatregels. "Mûlkapkes oan de kant, wikselje en hantsje klappe mei net. Dat kin wolris dreech wêze, om't it somtiden hast automatysk giet. De spilers wurde alle wiken test. Oant no ta is it goed gien, it betsjut dat sy harren goed oan de regels hâlde en dat der net ien besmet is."

Dat testen wurdt ek in pear oeren foar in wedstriid dien. "Mochten der minsken besmet wêze dan kinne dy nei hûs gien en mei de oaren spylje. Wy binne bliid dat de KNKV wat kosten op him nimt wat it testen oanbelanget. Der bliuwe foar ús ek kosten, mar dat bliuwt aldergeloks beheind."

Betrouwen yn kompetysje

De Vries hâldt wol hope dat de kompetysje goed ta in ein komt. "It tink dat de kâns frij grut is dat wy de kompetysje útspylje. As wy ús oan de regels en protokollen hâlde, haw ik der betrouwen yn."

Kuorbal League 20/21 groep A

KL Groep A
1. Blauw Wit (A) Amsterdam
2. Groen Geel Wormer
3. KZ Koog aan de Zaan
4. LDODK De Gordyk
5. Oost-Arnhem Arnhem
6. PKC Papendrecht
(Advertinsje)
(Advertinsje)