N31 by Harns skoftke ôfsletten west fanwege iensidich ûngelok

10 jan 2021 - 12:33

De N31 by Harns hat sneintemoarn in skoft ôfsletten west fanwege in iensidich ûngelok. Ambulânsepersonieel hat de frou út de auto kontrolearre, mar it wie net nedich om har mei te nimmen nei it sikehûs. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend makke.

Foto: CAMJO media

Rykswettersteat hat de dyk tydlik ôfsletten, dêrtroch ûntstie der in file by de N31.

Trefwurden: 
ûngelok auto N31
(Advertinsje)
(Advertinsje)