"It byld oer de heidedoarpen fan doe fertsjinnet mear nuânse"

Feiten dogge derta en kinne nuânse oanbringe. Dat hat Sian Wierda fan De Jouwer besocht oer te bringen mei syn skripsje oer in tal heidedoarpen yn de 19e iuw. Dy leine oan it fuottenein fan mear begoedige doarpen. Boeren en dûmny's seagen mei minachting nei de earmelju op de heide. Faak binne it negative stereotypen, seit Wierda. De redakteur by Omrop Fryslân wûn koartlyn foar de skripsje Het vrije volk van de heide de Skripsjepriis fan de Fryske Akademy.
In spitkeet yn iepenloftmuseum De Spitkeet © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sian Wierda en Simon Hoeksma oer de heidedoarpen fan eartiids
Wierda die ûndersyk nei earmoede en kultuer by de bewenners fan heidedoarpen yn it Frysk-Grinslanner grinsgebiet tusken 1850-1900. It gie om Hamsterheide, Feansterheide, De Houtigehage, De Skieding en De Parken. Dizze delsettingen ûntstiene yn de rin fan de 18e en 19e iuw. Guon arbeiders bleaune nei de feanterij efter. Mar meidertiid waarden der ek moedwillich earmen út omlizzende doarpen hinne stjoerd. De sosjale ôfstân mei de boargerlike doarpen waard hieltyd grutter.
Tûzenen akten út de boargerlike stân hat Wierda trochnaam. Mei in teory oer in 'earmoedekultuer' as kapstok hat hy besocht út te finen hoe't it siet mei bygelyks kriminaliteit, bernestjerte, bûtenechtlike berte en analfabetisme. Hy woe net allinne mar meidielingen fan oaren oerskriuwe, mar ek sifers in part fan it ferhaal fertelle litte.

Nije doarpen

Dat is in flinke put, omdat de heidedoarpen fan doe eins noch gjin offisjele doarpen wiene, mar as gebieten ûnder oare doarpen foelen. "Sa is it iene suske fan myn pake yn Drachten berne en it folgjende suske yn Drachtsterkompenije, wylst sy beiden yn deselde bedstee op 'e wrâld brocht binne. Mar dat wie om't 'De Kompenije' pas yn 1930 offisjeel en doarp waard, en doe net mear ûnder Drachten foel."
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Foar de ûndersiker wie it ek nijgjirrich fanwege syn roots. Hy kaam der mei it ûndersyk efter dat syn oerpake opgroeid wie yn in spitkeet oan De Skieding en dus ta de earme befolking fan de heidedoarpen hearde.
Yn de famylje wiene wol ferhalen oer de earmoede fan doe en ek de fernedering dy't guon dêrfan ûnderfûnen. Sa mocht in poppe dy't foar de berte stoarn wie net by syn mem en oerbeppe fan Wierda begroeven wurde, omdat er noch net doopt wie. Oerpake hat doe mei in oar pear ôfpraat dat de poppe by de koart dêrfoar ferstoarne twilling fan dat pear yn it grêf mocht. Hy hat de poppe stikem op in jûn te hôf brocht. It binne sênen dy't ta de ferbylding sprekke.

Iensidich imago

Ek neffens Simon Hoeksma, skriuwer en bestjoerslid by iepenloftmuseum en temapark De Spitkeet yn De Harkema, is it imago fan de heidedoarpen te iensidich en te folle beynfloede troch de noarmen fan de boargerlike maatskippij. As je earm binne en je bern hawwe gjin iten, dat besykje je dat dochs te krijen. Moatte je dat dan as krimineel bestimpelje, freget Hoeksma him ôf. Earmoede meie je betreure, mar kulturele oanpassingen oan dy earmoede net.
"Je kinne it ek omdraaie," seit de skriuwer fan de skripsje. "It wiene losse arbeiders, dêrtroch wiene sy frijfochten en hiene sy in rom perspektyf. En der wie in soad solidariteit en fakmanskip." Hy is sels yn de Súdwesthoeke opgroeid, mar fielt him noch wol ferbûn mei it ferhaal fan in part fan syn eigen foarâlden. De heidedoarpen fan doe binne der net mear. Mar yn it iepenloftmusuem fan De Harkema kinne je noch in skym fan dy tiid weromfine.