Koarte skoarstienbrân yn Hurdegaryp

10 jan 2021 - 07:35

De brânwacht waard sneontejûn oproppen foar in skoarstienbrân oan it Swellenêst yn Hurdegaryp. De brânwacht fan Gytsjerk is op it plak kaam en dêrnjonken is der ek in heechwurker út Ljouwert foar de brân ynset.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

It fjoer wie yn it reekkanaal fan de skoarstien ûntstien. Mei help fan de heechwurker is it kanaal wel skjin fage troch de brânwacht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)