Brân yn ôfsûging fan hûs oan de Kuiperssingel yn Drachten

10 jan 2021 - 07:28

Oan de Kuiperssingel yn Drachten hat sneontejûn in wenningbrân west. De brân soe ûntstien wêze yn de ôfsûging fan de dûs. Troch de rappe ynset fan de brânwacht koe it fjoer fluch fûn en útmakke wurde. Der rekke net ien by de brân ferwûne.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De brân wie op de boppeferdjipping. Dêr is wol reek- en wetterskea ûntstien. Troch de brânwacht is it hûs fentilearre.

Trefwurden: 
Drachten brân Kuiperssingel
(Advertinsje)
(Advertinsje)