Optearwein baarnt út op parkearplak yn Sint-Jabik

Yn Sint-Jabik is in optearwein útbaard op in pearkearplak oan it Oosteinde. De brânwacht waard alarmearre foar in bûtenbrân, mar op it plak sels die bliken dat it gie om in optearwein. Der binne ek meardere plysjeminsken kaam, om't tocht waard dat de brân oanstutsen wêze soe.
© SRFotografie
De plysje hat gjin eventuele dieders oantroffen. De brânwacht hat it fjoer útmakke en koe nei in goed healoere werom nei de kazerne.