Jip en Janneke wer thúsbrocht troch Geitefok

Aldjiersferiening De Geitefok hat sneontemiddei it stânbyld fan Jip en Janneke werombrocht nei Zaltbommel. De feriening út Aldeberkeap helle it byld begjin desimber fuort. Dat wie in statement foar behâld fan it duo, nei't in politika út Utrecht sei dat Jip en Janneke te stereotypearjend en rolbefêstigjend wêze soene.
Kollega's fan Omroep Gelderland wiene der sneontemiddei by
De Geitefok is de âldste âldjiersferiening fan it lân. Mei de stunt yn Zaltbommel fierde de feriening it 75-jierrich bestean. De Geitefok is kultureel erfgoed fan it Noarden, seit foarsitter Jan-Bart Hof. "Net als dat Jip en Janneke deel uitmaken van de landelijke Nederlandse cultuur. Wie is er niet groot mee geworden?"