KNMI warskôget wer foar glêdens: koade giel yn Fryslân

09 jan 2021 - 18:44

It KNMI hat foar sneon koade giel ôfjûn foar Fryslân. Fan sneontejûn oant sneintemoarn om 10.00 oere hinne kin it glêd wêze op de Fryske diken. It waarynstitút warskôget dêrom om it ryd- en reisgedrach oan te passen.

Foto: Omrop Fryslân

De warskôging jildt net foar de Waadeilannen. Foar de nacht fan freed op sneon waard ek al warskôge foar glêdens, doe kundige it KNMI koade oranje ôf. Dat soarge op ferskate plakken foar ûngelokken.

Trefwurden: 
koade giel KNMI glêdens
(Advertinsje)
(Advertinsje)