Hearrenfean-spits Runar Espejord langer by Tromsø

SC Hearrenfean ferhiert Runar Espejord foar de rest fan it seizoen oan it Noarske Tromsø. De 24-jierrige spits spile de ôfrûne moannen ek al foar Tromsø, dat sûnt desimber útkomt yn de heechste Noarske difyzje.
© Orange Pictures
Espejord makke foarich seizoen yn de winter de oerstap fan Tromsø nei It Hearrenfean. Hy kaam acht kear yn aksje foar de Feansters. Espejord begûn syn ferhierperioade goed mei fjouwer goals yn trije wedstriden. Dêrnei kaam hy, mei troch in blessuere, minder oan spyljen ta.
"Runar is aan het begin van dit seizoen weer naar Tromsø gegaan om in een vertrouwde omgeving wedstrijdritme op te doen. Helaas is dat door omstandigheden in deze eerste periode niet gelukt. Het doel is om dat het komende half jaar wel voor elkaar te krijgen. We hopen dat we Runar deze zomer weer met wedstrijdritme in Friesland mogen verwelkomen", sa seit technysk manager Gerry Hamstra oer de ferhier.