Stjoeramateur Oerterp krijt gjin fergunning fan gemeente: "Ik lis der nachts wekker fan!"

09 jan 2021 - 16:16

It is al mear as twa jier in gedoch yn de gemeente Opsterlân: de antennemêst fan Chris Terpstra út Oerterp. Terpstra wol in mêst fan sân meter yn de tún om syn passy as stjoeramateur út oefenje te kinnen. Dêr is in fergunning fan de gemeente foar nedich, mar dy krijt Terpstra net. Dat wylst der fierderop yn it doarp wol ien stiet. "Ik lis der al nachten wekker fan," seit Terpstra. "Ik freegje my ôf wat ik ferkeard doch."

Stjoeramateur Oerterp krijt gjin fergunning fan gemeente

"Sjoch, dit is 'm dan," begjint Terpstra syn ferhaal wylst er syn tún ynrint. Dêr wiist er op in grutte aluminium antennemêst dy't oerdwers op syn gers leit. "Dizze moat omheech, mar dat mei dus net. As der heger as 5 meter wurdt, moatst in fergunning ha. Dizze is sân, dus dat is wol logysk, mar ik tocht dat de oanfraach in formaliteit wêze soe om't der fierderop yn it doarp ek ien stiet. Dit is krekt deselde."

"Je wurde der net bliid fan. Ik bin al twa jier dwaande om in omjouwingsfergunning te krijen," fersuchtet Terpstra. "Ik woe de keninklike wei nimme en fuortendaliks in fergunning oanfreegje. Mar dat pakte oars út. It smyt wol wat skaad oer je hobby. As je nachts wekker wurde, tinke je: wat is der bard, wat kin ik der noch oan dwaan? Bliid wurde je der net fan."

Chris Terpstra yn syn amateurstudio

Amateurstjoerder Chris Terpstra fan Oerterp - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Elts gefal oars

Dat it in formaliteit wêze soe, leit neffens de gemeente oars. "Anderen hebben wel een zendmast, maar die zijn niet altijd met elkaar te vergelijken," seit wethâlder Anko Postma fan Opsterlân. "Iedere situatie is weer anders. We hebben daar een welstandscommissie voor die adviezen uitbrengt. Ik geloof dat er in Ureterp drie zendmasten zijn, maar die worden allemaal apart beoordeeld. Het hangt van de hoogte van de woning af, de hoogte van de mast en of er bomen omheen staan. De situatie is dus heel lokaal."

Wethâlder Anko Postma fan Opsterlân

Terpstra lit it der lykwols net by sitte. "Ik haw al nei in beswierkommisje west. It plan wie ôfkard, mar de kommisje joech my gelyk. De gemeente woe dochs net, dus de ferfolchstap wie in rjochtsaak. Ik bin nei de rjochtbank gien. Dy ha my gelyk jûn en de tsjin de gemeente sein dat sy in nij beslút nimme moasten binnen seis wiken. Dat wie yn oktober en ik ha sûnt doe neat mear heard. Dus ha ik wer mei de gemeente en rjochtbank kontakt opnommen. No wolle se ekstern ûndersyk dwaan, dêr wachtet it no op. De seis wiken binne yn elts gefal al lang wer om. Ik hoopje dat de gemeente op koarte termyn meiwurket."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Trefwurden: 
Oerterp fergunning stjoerder
(Advertinsje)
(Advertinsje)