Cambuur Sjoernaal: Gjin oerwinning, wol in perioadetitel

09 jan 2021 - 15:29

SC Cambuur belibbe freed in nuvere jûn. It ferlear mei 1-0 fan FC Volendam, mar trochdat Almere City lykspile, giet de twadde perioadetitel wol nei de Ljouwerters. Trochdat Cambuur ek de earste perioade al wûn, giet it prizejild (60.000 euro) en it neikompetysjeticket no nei nûmer twa Almere City. It brûnzen skyld, de priis, waard freed wol útrikt yn it Cambuurstadion. Mear dêroer en oer de goeie sifers fan Mitchel Paulissen yn in nij Cambuur Sjoernaal.

Besjoch it Cambuur Sjoernaal hjir:

Cambuur Sjoernaal sneon njoggen jannewaris

(Advertinsje)
(Advertinsje)