230 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

09 jan 2021 - 15:21

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 230 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 95 minder as freed, doe't der noch 325 gefallen meld waarden. Noch nea earder wiene der safolle nije besmettingen as freed, mar dat hie ek te krijen mei in systeemsteuring en in ynhelslach by GGD Fryslân. It deistige trochsneed is de ôfrûne wike 244.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, nammentlik 42. Dêrnei folgje Noardeast-Fryslân mei 23 en Ljouwert mei 20 besmettingen.

Yn Fryslân is der yn de ôfrûne 24 oeren 1 nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, yn de gemeente Dantumadiel. Fierder is der 1 pasjint yn it sikehûs opnommen yn Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)